Kollum: "Swipe mei Grapperhaus"

Ik sil daliks mar mei de doar yn hûs falle. Ik makke my oant in oantal dagen lyn sa no en dan skuldich oan in misdriuw. En dêr moast ik soms foar boetsje. Lêstendeis hie ik myn dochter nei de bushalte yn Drachten brocht en wie op wei werom nei hûs, doe't se my in appke stjoerde. Ik wit net iens mear wêr't it oer gie. Wat ik noch wol wit, is dat middenyn de jûnsdrokte op de Burgemeester Wuiteweg yn Drachten, in auto mei in bloedgong om my hinne fleach. Hy skampte noch krekt net de auto dy't my temjitte kaam, mar in soad skeelde dat net. Ik hie daliks wol troch dat ik de sigaar wie. Nei twa tellen ljochte yn reade letters 'Politie, volgen' op yn de auto foar my. Om koart te kriemen, se hiene sjoen dat ik mei de telefoan yn de hân siet. Ik wie dus yn oertrêding. Dêr kinne je fan alles tsjinyn bringe, bygelyks dat je al tritich jier skeafrij ride en mear dingen yn jo foardiel, mar dat jout neat. Je kinne ek sizze dat sy de regels ek mei fuotten trêdzje, mar meastal helpt dat ek net. Ik hie boppedat de riem net om en myn rydbewiis lei thús op it kopieararapparaat. 'Hoe vind je zelf dat het gaat?' frege de plysje wat synysk.
In wike letter, want as der jild komme moat, is de BV Nederlân der as de hinnen by, foel der in kladde fan it CJIB op de matte. 239 euro koste dat appke fan myn dochter my. Ik haw it betelle en wie it al hast wer ferjitten, mar lokkich binne der Snitsers yn dizze wrâld. Dizze wike kaam yn it nijs dat ien fan harren mei sukses in boete oangeande mobyl gedoch yn de auto oanfochten hat. It hôf stelde dat as de mobile telefoan yn in hâlder sit en jo swipe foar it leave faderlân wei, dit gjin oertrêding is. As ik ien appke besjoch mei de telefoan yn de hân, kostet my dat sawat in kwart fan it minimumlean.
Snappe jo it noch, bêste harker fan de Omrop?
It is krekt as mei kannabis. De kofjesjop mei it wol ferkeapje, mar it mei net produsearre wurde. It mei regels folplempte Nederlân op syn smelst. Mar ik woe graach even neitinke oer it ferskil tusken de legale wize fan swipen en de yllegale, dy't troch it gros fan de autoriders brûkt wurdt. Sterker, yn de nijere auto's sitte komplete skermen dêr't je mei belje, muzyk útsykje, de aktuele wearde fan jo effekten neisjen kinne en jo kinne der ek noch útfine hokker restaurant tichteby jo rûte te finen is. En al dy ôflieding is folslein legaal.
Ik ha leard dat je yn oplossings tinke moatte. En dy oplossing is my troch it hôf yn de skoat smiten, wêrfoar tige tank. By GSMpunt.nl ha ik foar de grouwe som fan 9.95 euro in telefoanhâlder kocht. De goedkeapste dy't der is. Dan kin ik dat appke fan myn dochter legaal besjen en fuortswipe. Wylst ik krekt like goed ôflaat bin. Mar dat makket neat út, as it hier mar goed sit en de mobyl yn de hâlder. O, foar de minsken dy't my no ferketterje wolle, ik belje yn de auto kreas fia bluetooth, hear. Ek hielendal legaal. Mar fertel my no net dat ik mear ôflaat wêze soe as ik ien appke lês mei de telefoan yn de hân, as wannear't my suf swipe wylst myn telefoan yn in hâlderke fan tsien euro hinget. Grutter kolder haw ik noch nea heard. Dus de spierballetaal fan minister Grapperhaus, dy't twa jier sel foar appen achter it stjoer hawwe wol en swipe yn de hâlder legitym fynt, klinkt as in betide 1 april-grap. Ik bin bang dat er it net sa bedoelt.