Mearfâldich wrâldkampioen Dick Jaspers foar clinic yn Garyp

Biljerter Dick Jaspers, mearfâldich wrâldkampioen yn it trijebannespul, stie freedtejûn yn de pleatslike kroech yn Garyp in clinic te jaan yn de biljertdissipline.
Kroechbaas Peter Nunenga wûn in feiling fan 3FM Serious Request, wêrnei't er syn hiele kroech omboude ta biljertseal. Tribunes oan de sydkanten soargen derfoar dat sa'n 80 minsken sjen koene nei de biljertmaster.
Jaspers lei op ferskate wizen út hoe'tst de bal perfekt rekkest. Dêrnei spile er noch wat wedstriden mei taskôgers.