Matthew Steenvoorden ek takom seizoen by Cambuur

09 mrt 2018 - 23:29

Matthew Steenvoorden spilet ek takom seizoen by SC Cambuur. Syn kontrakt is ferlinge oant en mei juny 2019.

It is it earste kontrakt by de Ljouwerters dat ferlinge wurdt. Der is mear wurk oan de winkel foar technysk manager Foeke Booy, want der binne noch fyftjin spilers dy't in ôfrinnend kontrakt hawwe.

Sûnt 2016 spilet Steenvoorden yn it giel-blau fan Cambuur. Takom jier wurdt dus syn tredde seizoen.

(advertinsje)