Parkinsonsintrum by MCL iepene

© Omrop Fryslân
Mei in nij Parkinsonsintrum yn it MCL yn Ljouwert wurdt de soarch foar Parkinsonpasjinten in stik better. De wachttiden wurde koarter en by problemen kinne de ferskate spesjalisten earder yngripe.
Dit komt trochdat de neurolooch faker kontakt hat mei ûnder oare de fysio, de logopedist en de revalidaasje-arts. Der binne sa'n 400 Parkinsonpasjinten ynskreaun by it sikehûs. Der wurde aanst mear pasjinten behannele en dy kinne ek fia ynternet in konsult krije.