Antoinette de Jong stiet tredde: "Gewoan teloarstellend"

09 mrt 2018 - 23:04

In minne earste dei foar Antoinette de Jong op it wrâldkampioenskip allround. "De earste 100 meter gong noch wol", reagearre De Jong nei de earste twa ôfstannen. "Mar ik moast noch efkes wat mear. Ik kin de druk net op it iis fine." Nei de earste dei stiet De Jong tredde mei seis sekonden efterstân op klassemintslieder Miho Takagi. "Dat is gewoan teloarstellend." Is it tredde plak dan it heechste wat se helje kin? "Ik ferwachtsje noch wol wat fan moarn. Witst it noait", einiget De Jong mei in glimlaits.

Ek foar Ireen Wüst wie it net in dei sa as se dy yn gedachten hie. "De 500 meter was niet goed, de 3000 gelukkig wel. Voor mijn gevoel reed ik niet goed op links." Sulver liket foar Wüst realistysk. "Het gat met Takagi is wel groot, maar ik ga morgen nog alles geven."

Sneon ferride de froulju yn it Olympysk Stadion de 1500 en 5000 meter.

(advertinsje)