UNIS Flyers set stap rjochting finale play-offs BeNe league

09 mrt 2018 - 22:43

UNIS Flyers hat de earste healefinalewedstriid yn de play-offs fan de BeNe league wûn. De Feanster iishockeyers wiene thús te sterk foar Bulldogs Luik. It waard 2-1 nei de perioadestannen 0-0, 1-1 en 1-0.

Sterk begjin Luik

Luik wie yn de iepeningsfaze fan de wedstriid de boppelizzende partij. Keeper Sjoerd Idzenga moast in pear kear rêding bringe. Der waard troch beide ploegen net skoard yn de earste perioade.

Twa treffers

Betiid yn de twadde perioade kaam Luik op foarsprong. Virgil Delbrassine iepene de skoare. Ek dêrnei bleau Luik gefaarlik en moast Idzenga meardere kearen rêding bringe. De Flyers kamen krekt foar it ein fan de twadde perioade op 1-1 troch in goal fan Yan Turcotte.

Profitearje fan powerplay

Healweis de tredde perioade profitearren de Flyers fan in powerplay-sitewaasje. Brent Janssen makke de 2-1. Dat wie ek de einstân.

Bêste fan trije

Snein is yn Luik de twadde wedstriid. By winst yn België pleatse de Flyers harren foar de finale. Oars is oare wike op It Hearrenfean de beslissende tredde wedstriid.

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey
(advertinsje)