LDODK ferliest by koprinner en kin allinnich noch mar hoopje

09 mrt 2018 - 22:23

De kuorballers fan LDODK ha minne saken dien mei it each op de play-offs yn de kuorbal league. De Gordyksters ferlearen freedtejûn mei 30-25 fan koprinner PKC. As konkurrint Fortuna snein wint fan Blauw-Wit, kin LDODK net mear yn de top fjouwer fan de kompetysje einigje en soenen se útskeakele wêze foar de play-offs. As Fortuna snein ferliest of lykspilet, hat LDODK noch kâns om fjirde te wurden en de play-offs wol te heljen.

PKC sterker

PKC naam freed yn Papendrecht fuortendaliks in lytse foarsprong en joech dy de earste helte net mear fuort. De ploegen giene mei in 17-13 stân it skoft yn. LDODK like sterk út de klaaikeamer te kommen en brocht de efterstân werom oant 18-15, mar dêrnei wie it wurd oan PKC, dat de foarsprong wer útboude en dy foarsprong fêsthold.

Henk Jan Mulder

By LDODK siet Henk Jan Mulder freed foar it earst as haadtrainer op de bank, nei it opstappen fan Erik Wolsink earder yn 'e wike.

Blessuere Erwin Zwart

It ferlies wie net de iennige tsjinfaller foar LDODK. International Erwin Zwart foel yn de earste helte út mei in blessuere oan 'e knibbel.

Trefwurden: 
LDODK PKC kuorbal
(advertinsje)