Ien persoan ferwûne nei iensidich ûngelok by Oerterp

09 mrt 2018 - 22:06

By in iensidich ûngelok op de N381 by Oerterp is freedtejûn in persoan ferwûne rekke. De bestjoerder bedarre troch noch ûnbekende oarsaak mei syn auto yn de berm en sloech oer de kop.

It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten. Fanwegen it ûngelok hat de oprit nei Easterwâlde koarte tiid ôfsletten west foar ferkear.

Trefwurden: 
auto-ûngelok N381
(advertinsje)