Cambuur pakt tsjin Almere City wer ris trije punten

09 mrt 2018 - 21:53

Nei fjouwer wedstriden sûnder oerwinning, hat Cambuur wer ris trije punten pakt. De Ljouwerters wienen yn it eigen stadion mei 2-1 te sterk foar Almere City.

Gjin kânsen

Yn de earste helte wie Cambuur wol de boppelizzende partij mei mear balbesit, mar de ploech fan René Hake hie it dreech mei it kreëarjen fan echte kânsen. Nei in healoere spyljen kamen de Ljouwerters op efterstân. Arsenio Valpoort koppe de bal troch op Silvester van der Water, dy't tusken fjouwer Cambuurspilers troch raak skeat.

Barto

Doe wie Cambuur wol direkt wekker. Twa minuten letter ferovere Martijn van der Laan de bal op it middenfjild. Nei in oanfal oer de rjochterkant bedarre de bal úteinlik mei wat gelok foar de fuotten fan Martijn Barto. Dy twivele gjin momint en skeat de bal efter Chiel Kramer. Hast gie Cambuur dochs mei in efterstân nei de klaaikeamers ta, mar dizze kear skeat Van der Water krekt njonken.

It begjin fan de twadde helte hie in soad libben, mei kânsen oan beide kanten fan it fjild. Daniel Crowley seach dat Kramer syn skot pakte en ynfaller Ricardo Kip skeat net hurd genôch.

Foarsprong

Tweintich minuten foar tiid kaam Cambuur dochs op foarsprong. Justin Mathieu krige de bal fan Crowley en skeat fan ôfstân raak yn de koarte hoeke.

Spannend slot

Yn de lêste tsien minuten sette Almere City oan en waard it spannend. Hast soarge Crowley oan de oare kant lykwols foar de beslissing. It skot fan 25 meter ôf einige op de latte. Dêrnei stjoerde Almere City alle spilers nei foarren ta. Dat smiet noch wat benaude mominten op foar de Cambuurgoal, mar de Ljouwerters oerlibben it offinsyf en koenen wer ris jûchje.

Sportklup Cambuur - Almere City FC 2-1 (1-1) 33. Silvester van der Water 0-1, 35. Martijn Barto 1-1, 71. Justin Mathieu 2-1

Opstelling Cambuur: Erik Cummins; Jordy van Deelen, Martijn van der Laan Robbert Schilder, Sai van Wermeskerken; Mathias Schils (61/Ricardo Kip), Daniel Crowley, Daan Boerlage; Alvin Daniels (61/Issa Kallon), Martijn Barto, Justin Mathieu

(advertinsje)