Wüst wint 3 km en klimt nei twadde plak yn klassemint

09 mrt 2018 - 21:48

Ireen Wüst hat freedtejûn goede saken dien yn it klassemint by it WK allround yn Amsterdam. Se wûn de 3 kilometer mei oermacht yn in tiid fan 4.15.80 en stiet nei de earste dei op it twadde plak yn it klassemint. Antoinette de Jong ried in mindere 3 kilometer en waard 5e yn in tiid fan 4.23.04. Se stiet nei twa ôfstannen noch wol tredde yn it klassemint.

Miho Takagi giet nei de earste dei oan de lieding. Nei de winst op de 500 meter, einige se op de 3 kilometer as twadde yn in tiid fan 4.19.78.

Wüst hat yn it klassemint in efterstân fan 3.42 sekonden op de 1500 meter fan sneon. De Jong har efterstân is 6.02 sekonden.

(advertinsje)