FIDEO: Malêze by de Fryske profklups

09 mrt 2018 - 20:19

Sportyf sjoen hâldt it dit seizoen net oer by SC Hearrenfean en SC Cambuur. It giet al net mear oer de sportive prestaasjes, mar oer bygelyks it lege Abe Lenstra Stadion en oer de sechstjin Cambuur-spilers fan wa't it kontrakt nei dit seizoen ôfrint. Sportsjoernalisten Gerard Bos, Reon Boeringa en Sander de Vries prate yn Fryslân Hjoed oer de sitewaasje by de Fryske profklups.

(advertinsje)