Friezinnen op grutte efterstân op WK allround nei 500 meter

09 mrt 2018 - 20:00

Antoinette de Jong is freed as fjirde einige op de earste ôfstân by it WK allround yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam. Se ried op de 500 meter yn in tiid fan 40.47. Topfavorite Ireen Wüst stelde teloar mei de njoggende tiid (40.81).

De rit waard mei oermacht wûn troch Miho Takagi út Japan yn 39.01. Gabriele Hirschbichler út Dútslân waard twadde yn 40.22. Ayaka Kikuchi, ek út Japan, waard tredde yn 40.32.

Freedtejûn ride de froulju ek noch de 3.000 meter. Sneon wurde de 1.500 meter en fiif kilometer ferriden.

(advertinsje)