Enkête oer keapsneinen Smellingerlân: tachtich persint foar

Fan de 1.894 minsken dy't de enkête oer keapsneinen yn Smellingerlân ynfold hawwe, is mear as tachtich persint foar in keapsnein yn de gemeente. It ûndersyk waard dien troch de Leeuwarder Courant, yn gearwurking mei ûndersyksburo Enigma Research. Sy hienen oan 5.882 minsken frege om de enkête yn te foljen. Ien tredde hat dat úteinlik ek dien.
De keapsnein libbet al in oantal jierren yn de gemeente. Foaral mei de feestdagen kaam der fanút ynwenners faker de fraach oft de winkels op snein iepen koene. Alle kearen dat de koälysje fan de gemeente deroer prate, kamen de partijen der net út.
De resultaten fan it ûndersyk waarden freedtemiddei bekend makke yn De Lawei yn Drachten. Dêrnei giene de listlûkers fan alle partijen noch mei elkoar yn debat. Tusken PvdA en de ChristenUnie, twa fan de koälysjepartijen, waard it noch hurd tsjin hurd. Yn febrewaris fertelde listlûker Pieter van der Zwan yn It Polytburo dat de keapsnein gjin brekpunt wie foar de ChristenUnie. Roel Haverkort, listlûker fan de PvdA, wie dêr net oer te sprekken. Neffens him is de keapsnein der no noch net, om't de ChristenUnie doe net tajaan woe.