Man op beurs Vrouw!: "Ik zoek de nieuwe Doutzen"

09 mrt 2018 - 18:28

Love-shows, in moadeshow, demonstraasjes fan 'nailstylists', skientmespesjalisten, kappers en noch folle mear is te sjen op de beurs Vrouw! dy't dit wykein holden wurdt.

Yn it Ljouwerter WTC Expo wie it freed fuort al behoarlik drok, Memmen mei dochters, freondinnen, sussen: alle mooglike kombinaasjes hiene de beurs oangrepen om gesellich by te praten en fierder wat te sneupen en ideeën op te dwaan.

De manlju dy't op de beurs wiene, hiene eins allegear wol in funksje. Ien man wurket bygelyks foar in modelleburo: "Wij zijn altijd op zoek naar de noordelijke schoonheid en proberen met geschikte kandidaten een brug te slaan naar de internationale modellenwereld. Eigenlijk zijn we daarbij altijd op zoek naar de nieuwe Doutzen Kroes en ja, dan moet je in Fryslân zijn."

Trefwurden: 
Vrouw!
(advertinsje)