Jurgen Streppel: "Ajax is een uitdaging"

09 mrt 2018 - 18:08

"Ajax is een uitdaging." Dat sei Hearrenfean-trainer Jurgen Streppel freed nei de lêste training foar de wedstriid fan takom snein yn Amsterdam.

Geweldige trainingswike

Streppel hie mei foldwaning nei de trainingen fan syn ploech sjoen: "Het was een geweldige trainingsweek, met een hoge intensiteit. De vonken spatten eraf."

Kompakt spylje

De trainer hat in protte sin oan de útwedstriid tsjin Ajax. "Ajax is een uitdaging", sa sei er. En de trainer hat ek wol in idee hoe't hy Ajax bestride wol: "We moeten compact spelen. Dat betekent niet dat we alleen verdedigen en tegen gaan houden. Als je dat gaat doen, dan knak je vroeg of laat."

Striidber

Hoewol't Ajax sa goed as wis útskeakele is foar de titel, ferwachtet Streppel striidbere Amsterdammers. "Ajax wil altijd winnen, maar wij gaan onze huid zo duur mogelijk verkopen. Ik heb er wel een goed gevoel over."

Blessueres

By SC Hearrenfean binne keeper Warner Hahn en ferdigener Dave Bulthuis noch hieltyd blessearre. Streppel giet derfan út dat Arber Zeneli - hy foel ferline wike yn de wedstriid tsjin Willem II blessearre út - yn de basis starte kin. Sneontemoarn sil dat definityf dúdlik wurde.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(advertinsje)