Toulûkers fan Deinum/Britsum pakke sulver op WK yn Sina

It manljustoulûkteam fan Deinum/Britsum hat freed by de wrâldkampioenskippen toulûken yn Xuzhou yn Sina in sulveren medalje wûn. Dat diene se yn de kategory heareklasse achttallen oant 680 kilogram foar klupteams. Se ferlearen yn de einstriid fan St. Pat's út Ierlân. It tredde plak wie foar in team út Letlân.
Letter dit wykein stride in tal Friezen yn ferkate kategoryen foar it Nederlânske team yn it kampioenskip toulûken foar lanneteams.