ProRail slipet treinrails om spoar stiller te meitsjen

© ANP
ProRail wurket yn de nacht fan freed 9 op sneon 10 maart oan it spoar tusken Ljouwert en Starum. It bedriuw sil mei in saneamde slyptrein ride, om it spoar stiller te meitsjen.
Dat wurk smyt dy nacht wol lawaai op. Minsken dy't yn Aldegea (SWF), Nijhuzum, Warkum, Hylpen, Molkwar of Starum wenje, kinne lêst ûnderfine fan dat lawaai, lit ProRail witte.