Topskiep yn Boelensloane lûke ynternasjonaal publyk

09 mrt 2018 - 17:53

It is in hobby, mar de trije bruorren Paulus nimme it fokken fan Tekselaars hiel serieus. En dat falt sels yn it bûtenlân op. In hiele bus fol Belgen hat al op besite west en skieppehâlders út Skotlân en Ingelân hawwe it paad nei de skuorre yn Boelensloane ek al fûn.

De tritich skiep fan de Paulus-bruorren binne dizze dagen oan it lamjen en eltse nacht sliept ien fan de bruorren by de skiep. Boppe it bêd steane op in planke alle prizen fan it ôfrûne jier.

De bruorren binne al jierren dwaande mei it fokken fan Tekselaars. Yn dy tiid is it tal skieppefokkers wol wat minder wurden troch fergrizing en omdat skiep ûnder melkfeehâlders minder populêr wurden binne. Dat komt trochdat de bisten ek meitelle foar de dongboekhâlding.

Trefwurden: 
Tekselaar skiep Boelensloane
(advertinsje)