Tbs easke tsjin Ljouwerter dy't âlden delstuts

Blommen by it hûs oan de Bereklauw yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Tsjin de 32-jierrige fertochte fan de stekpartij oan de Bereklauw yn Ljouwert, ôfrûne juny, is tbs mei twangferpleging easke. De man wurdt fertocht fan it delstekken fan syn heit en mem. De mem ferstoar koart nei it ynsidint oan har ferwûningen, de heit waard swier ferwûne nei it sikehûs brocht.
Ut rapporten fan ûnder oare it Pieter Baan Centrum docht bliken dat de man folslein net tarekkenber is. De offisier fan justysje kin opset net bewize. Hy hat dêrom de eask foar moard en it besykjen ta moard falle litten.