GGD ûndersiket sûnens fan Fryske bern

© Omrop Fryslân, Oetze Deelstra
De GGD ûndersiket de kommende tiid hoe sûn oft Fryske bern binne. In willekeurige groep famyljes hat fan 'e wike in brief krigen mei it fersyk om mei te wurkjen oan it ûndersyk. It giet om bern yn de leeftiid fan nul oant en mei tolve jier.
Yn de enkête steane fragen oer de sûnens fan de bern, bygelyks oer it iten en drinken, it bewegen en oer hoe't se sliepe. De GGD brûkt de útkomsten fan it ûndersyk om gemeenten te advisearjen. Dy kinne dêrmei dan belied meitsje foar de sûnens en feiligens fan de bern.