Elfstedenhal yn Ljouwert freedtejûn wer iepen nei CO2-lek

09 mrt 2018 - 16:49

De Elfstedenhal yn Ljouwert giet freedtejûn wer iepen. De iishal hie freedtemoarn te krijen mei in CO2-lek yn in ynstallaasje. Dat probleem is ferholpen. De steuring hat net foar gefaar soarge.

De iismasters binne no dwaande it iis wer op temperatuer te krijen en dan binne besikers freedtejûn wer wolkom om te reedriden.

Trefwurden: 
Elfstedenhal CO2-lek
(advertinsje)