Fergunning foar nije sjitbaan It Amelân foarearst ôfwiisd

09 mrt 2018 - 16:19

De Schietvereniging Ameland kin foarearst net fierder mei de plannen foar in nije klaaidosjitbaan by it fleanfjild by Ballum. De gemeente wegeret de fergunning, omdat de oanfraach net dúdlik genôch is. De gemeente wol mear dúdlikheid oer ûnder oare hoe faak oft de sjitbaan iepen wêze soe.

Dat de fergunningsoanfraach ôfwiisd is, betsjut net dat der definityf in streek troch de plannen giet. De sjitferiening kin in nije oanfraach yntsjinje. Minsken dy't yn de buert wenje en dêr har wurk ha, binne tsjin de nije sjitbaan oan de súdrâne fan it fleanfjild. Se binne benaud foar oerlêst.

Rêst foar fûgels

Ek de Fûgelbeskerming is bliid mei it beslút. Neffens de Fûgelbeskerming is hjirmei de rêst foar fûgels yn natuergebieten op It Amelân foarearst feilichsteld. De fûgelsoarten, dy't yn de natuergebieten njonken it fleanfjild sitte, binne neffens de Fûgelbeskerming tige gefoelich foar fersteuring.

(advertinsje)