Op 'e kop wenje yn nije pleats by Hylpen

09 mrt 2018 - 16:12

Flakby it nije stasjon yn Hylpen wurdt in nije pleats boud. Net samar in pleats: dizze pleats stiet op 'e kop. Mei oare wurden: it puntdak leit op 'e grûn en de ûnderste ferdjipping komt no boppeyn. Mar wêrom? En wa betinkt soks? Pieter Stellingwerf leit út: "We wenje hjir flakby de seedyk. Eins wolle we oer dy seedyk hinne sjen, mar boppeyn is gjin romte. Dus ik sei: dan draaie we 'm dochs gewoan om?"

It projekt hat de namme 'Lânskip' krigen. En dat moaie útsicht is net de iennige reden, fertelt Stellingwerf: "It is dus in skip yn it lân, yn de eardere Sudersee by Hylpen. In pear hûndert jier lyn lei hjir wetter, dus no moat hjir eins in skip lizze. Dus betochten we: dan moat it in 'lânskip' wurde. Aansten ha we in fantastysk útsicht oer de seedyk hinne. We sjogge elke jûn de sinne ûndergean boppe de Iselmar, dat is in gouden blik."

Mar it is ek in statement, jout Stellingwerf ta. "Wy moatte oars tinke. Aanst ha we ien kear yn 'e moanne 'iepen dak'. Dan kinst de omjouwing sjen, mar kinst ek oer it plattelân diskusjearje."

Oer oardel jier moat it 'Lânskip' hielendal klear wêze.

(advertinsje)