Opnij aksjes by wenningkorporaasjes yn Fryslân

De fakbûnen fiere de kommende wike wer aksje by ferskate wenningkorporaasjes yn Fryslân. Dat ha se fan 'e wike ek al dien. Mei de aksjes wolle se in bettere cao ôftwinge. De fakbûnen easkje mear lean en minder wurkdruk.
Moandei en tiisdei binne der aksjes by Accolade en Elkien op It Hearrenfean en by Wonen Noordwest Friesland yn Sint-Anne. Oer twa wiken is der in lanlike stakingsdei yn Utrecht.