Automobiliste krijt wurkstraf foar oanriden fytster

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 53-jierrige frou út Rie hat in wurkstraf fan tritich oeren krigen, omdat se goed twa jier lyn yn Peins in 17-jierrige fytster oanriden hat. It famke rekke swier ferwûne. De rjochter fynt dat de frou gefaarlik oan it riden wie. Se ried te bot oan de linkerkant fan de dyk, wêrtroch't se op it famke botste.
De automobiliste ried nei it ûngelok troch. Se melde har de oare deis by de plysje.