Ype Smid: "Ik wil niet over mijn graf heen regeren"

Ype Smid stapte yn febrewaris op as foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Cambuur. Foar de bûtenwacht wie dat frij ûnferwachte. Smid sels seit dat er net oer syn grêf hinne regearje wol.
Net meidiskusjearje
Hy wol net meidiskusearje oer wa't syn opfolger wurde moat. "Eigenlijk ben je dan niet onderwerp van gesprek, dus dan moet je er ook niet aan mee willen doen." En dêrom like it him it bêste ta om per direkt út de ried te stappen, ek al rûn syn twadde termyn noch ien jier troch.
Regisseur fan de rêding
Smid wie sûnt 2010 belutsen by Cambuur. Hy wurdt sjoen as de grutte regisseur fan de rêding fan de klup. Cambuur wie yn 2010 sa goed as fallyt en Smid stuts mei twa oare ynvestearders mei-inoar 7 en in heale ton yn de klup. Omdat de gemeente garant stie foar itselde bedrach, wie Cambuur foarearst rêden.
Twa doelen
Yn 2011 waard Smid foarsitter fan de ried fan kommissarissen. Hy hie twa doelen foar eagen: Cambuur moast finansjeel sûn wurde en hy woe derfoar soargje dat der in nij stadion komt. It is beide slagge. "Dat geeft een goed gevoel", seit Smid. De komst fan it nije stadion is wol in lang en dreech proses. "Ik had gehoopt dat ik als voorzitter het stadion mocht openen. Dat is niet gelukt."