Skipper krijt wurkstraf foar net helpen drinkelingen

De rjochtbank yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
In skipper út Twello hat in wurkstraf fan 180 oeren krigen, omdat er gjin help jûn hat oan minsken yn need op in syljacht op de Iselmar. It jacht wie sonken en twa manlju leine yn it wetter. De fertochte fear der mei syn frachtskip del, mar holp se net, ek al hie in matroas de slachtoffers heard en sjoen.
De skipper warskôge wol de kustwacht en in skip dat him yn de mjitte kaam, mar gie sels fierder. De help foar de twa slachtoffers kaam te let, se ferdronken. De rjochtbank fynt dat de skipper alles dwaan moatten hie, om de minsken te rêden. De man wurdt lykwols net ferantwurdlik hâlden foar harren dea.