Van Heeckeren It Amelân slút cao-akkoart mei FNV Hoareka

09 mrt 2018 - 14:27

De Van Heeckeren Groep, de grutste hoarekawurkjouwer op It Amelân, en de FNV Hoareka hawwe in cao-akkoart berikt. Dat betsjut dat wurknimmers ûnder oare mear salaris krije en in hegere fergoeding ûntfange foar opliedingen en reiskosten nei it eilân ta. Nije wike freed wurdt it cao-akkoart tekene.

Eigener Harold van Workum fan Van Heeckeren krijt dan ek as earste de erkenning 'Goed Werkgever 2018' fan it FNV. Neffens it fakbûn is Van Workum mei de nije cao in foarbyld foar oare wurkjouwers.

Van Workum is ek bestjoerslid fan de Amelanner ôfdieling fan Keninklike Hoareka Nederlân.

(advertinsje)