Freedsmerk oer sleepwet: "Hoesa privacy? Se witte alles al"

09 mrt 2018 - 14:15

Oer oardel wike kin der stimd wurde oer de nije 'Wet op de inlichtingen- en veiligheidsdiensten'. Tsjinstanners hawwe it trouwens leaver oer de sleepwet. Dêrby giet it rûchwei oer de striid tusken digitale privacy en opspoaringsmooglikheden.

Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de mieningen bot ferdield. "Ik ha gjin idee wêr't dat oer giet, ik kom der yn om." In oar sei: "Hoesa privacy? De Jumbo, Albert Heijn, Google en Facebook witte alles al fan ús. It is hypokryt om no sa tsjin dizze wet te agearjen!" Neist foarstanners wiene der ek tsjinstanners: "Ik stem tegen. De overheid hoeft niet altijd alles te weten..."

Trefwurden: 
freedsmerk Sleepwet
(advertinsje)
(advertinsje)