Oername troch Oranjewoud

© Omrop Fryslân
Yngenieursburo Oranjewoud wreidet syn aktiviteiten yn it suden fan it lân út troch de oername fan advysburo Croonen. Dat buro gie koartlyn fallyt. Oranjewoud nimt de wurksumheden fan Croonen oer.
It buro jout advys op it mêd fan romtlike oardering, stêdebou en arsjitektuer. Croonen wurket fanút Rosmalen en Maastricht en giet ûnder de eigen namme fierder. De oername fersterket de posysje fan Oranjewoud op de merk fan romtlike oardering.