Stienmurd by Aldeboarn oanpakt om skries te beskermjen

In mummifisearre stienmurd © ANP
De provinsje Fryslân pakt de stienmurd yn it greidegebiet by Aldeboarn oan om de skries en oare greidefûgels te beskermjen. De stienmurd foarmet dêr in bedriging foar de populaasje fan de skries. Om de fûgels te beskermjen meie yn dit gebiet tenei stienmurden beheind fongen en dea makke wurde.
Ut ûndersyk die bliken dat de stienmurd fierwei it grutste gefaar is foar greidefûgels by Aldeboarn. Yn trije oare ûndersyksgebieten, te witten de Smelle Ie, Idzegea en Warkum, wie dit net it gefal. Dêr waard nêstferlies troch meardere soarten rôfdieren feroarsake.