Accell Group smyt roer om nei dreech jier

Fytsefabrikant Accell Group hat in dreech jier achter de rêch. Foaral yn Nederlân en Noard-Amearika foel de ferkeap ôf. Dat soarge derfoar dat de nettowinst mei mar leafst 68 persint omleech gie nei goed 10 miljoen euro. De bedoeling is dat it roer om giet mei mear klam op de ferkeap fan e-bikes en in mear sintraal bestjoer út it haadkantoar op It Hearrenfean wei. It bedriuw hat dat freedtemoarn bekend makke.
Ambisjeus
De ferkeap fan bekende merken as Sparta en Batavus rûn yn 2017 werom by sawol de gewoane fytsen as by de e-bikes. Bûten Nederlân die Accell it wol goed yn Europa. Yn Dútslân, Eastenryk, Switserlân en Frankryk waarden mear e-bikes ferkocht. De omset groeide hjirtroch nei hast 1,1 miljard euro. Accell bliuwt ambisjeus en stribbet dernei, om dat bedrach de kommende fiif jier mei sa'n 400 miljoen euro op te skroevjen nei 1,5 miljard. Om dat foarinoar te krijen wurdt de organisaasje oanpast en mear by de tiid brocht.
Fokus op e-bikes
De fokus giet noch mear rjochting de e-bikes. Ferbettering fan de marketing en de online ferkeap smyt mooglik in tal nije banen op. De organisaasje wurdt ferienfâldige nei seis kearnregio's, dy't sintraal oanstjoerd wurde. Foar dizze plannen wurdt de kommende jierren sa'n 30 oant 40 miljoen euro útlutsen. Ferline jier is hjir al in begjin mei makke, mar de resultaten hjirfan falle wei tsjin de legere ferkeapen yn Noard-Amearika, sa makket it bedriuw bekend. Topman Ton Anbeek ferwachtet yn syn totaliteit gjin grutte gefolgen foar de wurkgelegenheid.
Oare lieding
De lieding fan Accell is ein ferline jier oergong fan René Takens, dy't nei 17 jier ôfskied naam, nei Ton Anbeek. Dit jier wurde noch in tal leden fan de ried fan bestjoer ferfongen. Yn Amearika is it topmanagement al ferfongen.