Elfstedenhal yn Ljouwert ûntromme en ticht nei CO2-lek

09 mrt 2018 - 11:03

De Elfstedenhal yn Ljouwert is op dit stuit ticht. Oarsaak is in CO2-lek yn in ynstallaasje. De hal is fanwegen it lek freedtemoarn ûntromme. It lek moat earst ferholpen wurde foardat de iishal wer iepen kin. Der wurdt rekken mei holden dat dit de hiele dei duorje sil, mar it is ek mooglik dat de doarren earder iepen kinne, sa falt op de webside fan de hal te lêzen.

Neffens in wurdfierder fan de Elfstedenhal soarget in befeiliging yn de ynstallaasje derfoar dat it CO2 ferspraat wurdt en dêrtroch gjin gefaar foarmet. Ut foarsoarch binne helptsjinsten oproppen.

Trefwurden: 
Elfstedenhal CO2-lek
(advertinsje)