Plysje hâldt twa Roemeenske manlju yn Offenwier oan

09 mrt 2018 - 10:00

De plysje hat tongersdeitejûn nei yn sykaksje twa manlju, ien fan 25 en ien fan 38 jier, út Roemenië oanholden. Sy wiene mei noch in oare man yn de boskjes oan de Grienedyk yn Offenwier dwaande in klûs iepen te brekken.

Doe't plysjemanlju yngripe woene, naaiden de trije út. Mei in plysjehûn waard earst ien man oppakt. In healoere letter waard in twadde man oanholden. Nettsjinsteande de ynset fan meardere plysjemannen, de plysjehûn en in helikopter slagge de plysje der net yn ek de tredde man te pakken te krijen.

Klûs

De klûs wie ôfkomstich út in soarchynstelling yn Snits. Dy wie yn de nacht fan woansdei op tongersdei nei in ynbraak meinaam. De soarchynstelling hat oanjefte dien.

De plysje fûn de klûs yn de boskjes oan de Grienedyk en bleau yn de buert omdat de plysje tocht dat de ynbrekkers weromkomme soene om de klûs wer op te heljen. Dat barde ek, wêrnei't de plysje op skerp stie en efter de manlju oan gie.

Trefwurden: 
plysje klûs Roemenië
(advertinsje)