Kollum: "Rotsoai"

"Kij dy't deagean omdat se skerpe stikjes blik yn it liif krije, oseanen dy't fol driuwe mei plestik, bosken dêr't de tûken en beammen fergroeid binne mei plestik, oare bisten dy't stjerre omdat se fol rotsoai sitte en dat allegear omdat de minsken te beroerd binne om harren troep op te romjen. No binne we yn ús maatskippij wol hieltyd mear dwaande om dêr wat oan te feroarjen. De earste plestik-frije winkels binne in feit, we nimme sa stadichoan allegear ús eigen boadskiptassen mei en yn Ingelân is sels al in plestikfrije stêd.
Dochs is it probleem mei de rotsoai yn 'e berms bêst wol grut. Sûnt wy in fytspaad fan Ljouwert nei Warten ha, fynst hjir bytiden ek fan alles mar faak binne dat dochs blikjes. It is lang sa slim noch net as yn Suriname. Dêr is it echt freeslik en op de Bahama's is it ek in plestikparadys. De rotsoai op en lâns de diken wie al in stik minder as yn Suriname mar yn alle winkels en supermerken dogge se it guod yn lytse plestik pûdsjes dêr't mar in pear dingen yn kinne.
Der steane wol gauris fan dy jonkjes mei in strik foar de boadskippen yn dy taskes te dwaan, dat is service fan de saak. Der ride ek in soad limûsines en auto's mei priveesjauffeur om. Ik tink dat der in protte rike minsken wenje want hoechst dêr gjin belêsting te beteljen. Dus dan is it hiel normaal dat de lúkse wein op snein foar de supermerk stiet, wylst de priveesjauffeur bûten stiet te wachtsjen en de kofferbak letter fol plestik pûdsjes leit. Earm of ryk, it brûken fan plestik is gelyk.
Ik ha ek ris in filmke sjoen oer in ko yn Yndië. Dy libje dêr gewoan op strjitte omdat se hillich binne mar de bistedokter dy't him operearre helle fjirtjin kilo plestik út 'e mage fan it earme bist. Doe't ik dat seach, wie de bistedokter yn myn eagen ek hast in hillige, sa'n goar putsje wie dat. En yn in hiele soad lannen is it opromjen fan ôffal net mear as it probleem ferpleatse. Se helje it op út 'e stêd en dumpe it op in oar plak.
No wenje wy ticht by de Alde Feanen en dat wie eartiids ek in jiskelân. It is ek echt noch net sa lang lyn dat se hjir ek alles mar yn 'e wâlen, fearten en sletten smieten of jiskefetpûden oer board goaiden yn 'e see. It is fansels prachtich dat it besef, dat it sa net langer kin, hjir groeit en dat moat ek foaral sa bliuwe. Mar foardat de hiele wrâld dêr mei dwaande is, hat ús mem de ierde noch in soad te lijen.
Earlik sein begryp ik der net folle fan. Want hoefolle wurk is it no eins om eat yn in jiskefet te smiten? Of om efkes nei te tinken oan de skea dy't it oanrjochtsje kin. It hoecht om my ek net, hear, dat je al dy blikjes en plestik ferpakkings keapje kinne, mar ik leau dat it earder slimmer as better wurde sil.
As ik sjoch dat immen samar eat fuortsmyt, dan sis ik der wat fan, mar salang't al dat guod produsearre wurdt en te keap is yn winkels, tink ik net dat we it probleem de baas wurde sille. Ik ha der net genôch fertrouwen yn dat eltsenien syn ferstân nochris krijt. In soad lju binne sels ek degradearre ta in weismytartikel. Want al dy omkoalen en luilakken smite tegearre mei har rotsoai ek har ferantwurdlikheid en respekt foar de natuer fuort."