Fries Museum wint mei útstalling Alma-Tadema 'museum-Oscar'

09 mrt 2018 - 06:14

It Fries Museum yn Ljouwert hat tongersdeitenacht yn New York in Global Fine Art Award wûn, in priis dy't ek wol bekend stiet as de 'museum-Oscar'. It museum kriget de priis foar de útstalling 'Alma-Tadema: klassieke verleiding'. Direkteur Kris Callens naam de priis yn ûntfangst.

It Fries Museum waard ferkeazen boppe konkurrinten as it British Museum en de Tate-musea yn Londen, it Louvre yn Parijs, it Prado yn Madrid en it Guggenheim yn Bilbao.

De tentoanstelling oer Lourens Alma-Tadema (1836-1912), berne yn Dronryp, luts fan oktober 2016 oant febrewaris 2017 158.000 besikers, in rekôr foar it Fries Museum. Yn it museum wiene goed tachtich wurken fan de skilder te sjen. It smiet loovjende resinsjes op út binnen- en bûtenlân.

(advertinsje)