Bargehâlder John Lorist mei stâl Himmelum útwreidzje

Bargehâlder John Lorist fan Himmelum mei syn stâl útwreidzje. De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân stimde tongersdeitejûn mei in krappe mearderheid yn mei in oanpassing fan it bestimmingsplan.
Lorist wol útwreidzje nei in bedriuw mei 8.700 bargen. Yn de omjouwing soarget dat foar in soad wjerstân. Sa binne minsken benaud foar stjonkerij. Oaren fine dat sa'n grut bedriuw in gefaar is foar folkssûnens. It bedriuw soe ek te ticht by it doarp stean. Dat is net it gefal, sa seit de gemeente Súdwest-Fryslân. Neffens wethâlder Gea Wielinga foldocht de nije stâl oan alle wetlike easken. Ek is it better foar it wolwêzen fan de bargen.
Lorist is bliid mei it beslút. Hy hat begryp foar de wjerstân en nûget eltsenien út om mei him yn petear te gean en yn de stâl te besjen.