Sleepwet: is it sa simpel as feiligens tsjinoer privacy?

09 mrt 2018 - 06:06

Op 21 maart binne op in soad plakken ferkiezingen foar de gemeenteried, mar net yn alle Fryske gemeenten. Wol kin oeral stimd wurde oer de nije Wet op de inlinchtingen- en veiligheidsdiensten, de wet dy't tsjinstanners 'de Sleepwet' neame.

Mar wat stiet der eins yn dy wet en wêrom moat dy der komme? Wat binne de gefaren as de wet ynfierd wurdt? En wat binne de risiko's as dat krekt net bart? Giet it om feiligens tsjinoer privacy of is dat fierstente koart troch de bocht?

Breed opspoare

Neffens ynternet-saakkundige Ate van der Meer fan Snakeware draait it yn dy nije wet benammen om de mooglikheid foar de feillichheidstsjinsten om 'breed' op te spoaren. "Tot nu toe mag de AIVD alleen gericht computers onderzoeken en gedurende korte tijd data vasthouden", leit Van der Meer út. "In de nieuwe situatie zou de AIVD bij aannames ergens tappen en alle bijvangst - daarom heet het ook 'sleepwet' - voor onbepaalde tijd vasthouden. Dan vinden ze misschien ook andere data waar ze niet naar op zoek waren."

Previntyf folgje

Sels sil Van der Meer foar de wet stimme: "Zaken als DDoS-aanvallen en terugkerende jihadisten zijn moeilijk om te volgen in de digitale wereld. Ik denk dat het goed is dat je op bepaalde punten die groepen preventief kunt volgen."

Oantaaste privacy

Mar it bliuwt in dreech diskusjepunt, jout Van der Meer ta. "Moet de staat altijd in de gelegenheid gesteld worden om te controleren? Het kan betekenen dat de overheid zoveel informatie ophaalt en aan elkaar linkt, dat ze zien dat je bepaalde dingen nog niet hebt afgedragen. Het is een grijs gebied, dus mensen zijn bang dat ze te veel in hun privacy aangetast worden."

(advertinsje)
(advertinsje)