Minsken nimme ôfskied fan âlde molkfabryk yn Lyts Grins

08 mrt 2018 - 20:20

Yn Lyts Grins, by Wynjewâld, ha tsientallen minsken tongersdei ôfskied naam fan it âlde molkfabryk. Achttjin jier nei de sluting joegen deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Wietze Kooistra it startsein foar it de sloop fan it gebou. It gebiet fan de âlde molkfabryk wurdt hielendal op 'e nij ynrjochte, om ek toeristen nei it lytse plakje ta te lûken.

Bysûnder momint

Foar guon minsken wie de lêste kear yn it âlde molkfabryk in bysûnder momint, lykas foar Johnny ten Hoor. Hy wie as lyts jonkje al oan it wurk yn it fabryk en naam it bedriuw letter oer fan syn heit. "It is moai om no te sjen hoe't it derby leit, mar dy tiid hat west", sei Ten Hoor. "Tsjinwurdich is it allegear moderner en makliker. Doe hienen we oeral in protte wurk fan."

"Gefaarlik"

Neffens Ten Hoor komt de sloop ek gjin momint te let: "De plafonds komme hast nei ûnderen. It is allegear betonrot, want it is heech tiid dat de saak ôfbrutsen wurdt. It is gefaarlik om om de loads hinne te rinnen."

Trefwurden: 
molkfabryk Lyts Grins
(advertinsje)