Pleatslik belang Ketlik: "No kin it boek ticht"

Foto: Camjo media

De behanneling mei jeugd-tbs moat derop rjochte wêze dat de 14-jierrige jonge út Ketlik oait fierder kin mei syn libben. Dat seit Harm Wierda, foarsitter fan it pleatslik belang fan Ketlik. De jonge, dy't yn septimber syn âlden deade, krige tongersdei de maksimale straf fan 12 moanne jeugddetinsje en jeugd-tbs.

Nei de jeugd-tbs, dy't maksimaal sân jier duorret, sil de jonge yn de maatskippij weromkomme. Wierda: "Yn it doarp hoopje we ek dat dat mooglik wêze sil. It is in famyljedrama en hy is sels eins ek ien fan de neibesteanden. Dat makket it noch dreger."

Doe't it drama foarich jier barde, hat it pleatslik belang him benammen rjochte op de leeftiidsgenoaten fan de jonge. "We wienen alert op wat spile yn it doarp, op alle emoasjes. No kin it boek ticht foar it doarp, mar foar de jonge en de neibesteanden is it in oare saak."

08 mrt 2018 - 19:53
(advertinsje)