Sân, semint en wetter op strjitte nei frachtweinûngelok

In frachtwein is tongersdei oan 'e ein fan de middei kantele op de Orionweg yn Ljouwert. Dêrby is de sjauffeur licht ferwûne rekke. Hy is sels út de frachtwein klommen. By it ûngelok is sân, semint en wetter frijkaam. Dat leit no op strjitte. De frachtwein hat ek in lantearnepeal rekke.
Hoe't it ûngelok krekt gebeure koe, is net dúdlik.