Nêstpannen tsjin nêstskea troch lânboumasines by briedfûgels

08 mrt 2018 - 17:41
  • Nêstpannen tsjin nêstskea troch lânboumasines by briedfûgels

De maitiid komt der oan. Neffens de saakkundigen wurdt it earste ljipaai nije wike tongersdei fûn. Oft dat echt sa is moatte we noch efkes ôfwachtsje, mar tongersdeitemoarn waard op it lân fan boer Berend Mulder alfêst wol stilstien by it begjin fan it briedseizoen. Ek wie der omtinken foar it foarkommen dat de nêsten ferneatige wurde troch de grutte lânboumasines.

In simpele mar ynventive nêstpanne, dy't oer it fûgelnêst drukt wurdt, soarget derfoar dat it nêst en de aaien fan de fûgels gjin skea oprinne as der in sleepslang oerhinne giet. Tongersdei waard sa'n earste nêstpanne demonstrearre troch boer Berend Mulder, LTO regiobestjoerder Peet Sterkenburgh en deputearre Johannes Kramer. 

(advertinsje)