Kuolynstallaasje by brêge moat problemen Ofslútdyk foarkomme

Rykswettersteat begjint takom moanne mei de oanlis fan in automatyske kuolynstallaasje by de brêge yn de Ofslútdyk, by Koarnwertersân. Dy ynstallaasje moat problemen yn de simmer foarkomme.
De brêge by Koarnwertersân hat simmerdeis gauris lêst fan steuringen, troch grutte temperatuersferkillen. Ofrûne simmer waard de brêge dan wiethâlden. Dat moat fan 't simmer automatysk gebeure. Rykswettersteat nimt noch mear maatregels om problemen safolle mooglik foar te kommen. Sa wurdt de brêge ynkoarten opnij útbalansearre. De brêge stiet op de nominaasje om yn 2023 renovearre te wurden. Earder kin net, omdat Rykswettersteat ek noch in soad oare ferâldere brêgen opknappe moat.
Steuring
De steuring dy't tiisdei ûntstie, is noch hieltyd net ferholpen. Rykswettersteat wit noch net wat de oarsaak is en dan is it dreech om it probleem op te lossen. It fermoeden is dat de steuring no ek wer ûntstien is troch grutte temperatuersferskillen, seit wurdfierder Casper Voorberg.
Fertraging
Ferkear oer de Ofslútdyk moat dêrom ek freed noch rekken hâlde mei fertraging. It ferkear rjochting Noard-Hollân wurdt oer de oare brêge laat.