Noard-Hollanner sel yn nei stellerij by Fryske jachthavens

08 mrt 2018 - 16:59

In man út Grootebroek yn Noard-Hollân moat twa wiken de sel yn, omdat er yn 'e simmer fan ferline jier in pear kear jild stellen hat út wetterautomaten by jachthavens yn Ychtenbrêge.

Earst wie de wetterautomaat fan jachthaven De Merenpoort syn doel. In wike letter helle er mei in maat de automaat fan De Merenpoort en dy fan jachthaven De Meerkoet leech.

Doe't se oppakt waarden, fûn de plysje in kaart fan farwetters yn it noarden. Yn de navigaasje-apparatuer stiene wettersportplakken programmearre. De fertochte hat in strafblêd. Dêrom krige er gjin wurkstraf mear, mar in pear wike sel.

Trefwurden: 
Ychtenbrêge
(advertinsje)