Grut part fan fraude fertochte boerebedriuwen wer iepen

© ANP
It grutste part fan de boerebedriuwen dy't op 't slot set wiene omdat se fertocht waarden fan fraude mei keallen, is wer frijjûn. Dat seit minister Schouten fan lânbou. De melkfeebedriuwen ha har administraasje wer op oarder.
Goed 2.200 bedriuwen waarden in moanne lyn blokkearre omdat it like oft se sjoemele hiene. Guon boeren skreaune de kealtsjes fan melkkij ta oan in oare ko dy't krekt smiten hie, sadat it like oft hie dy in mearling krigen. Dat is lukratyf, omdat kij dy't net kealle ha en gjin molke jouwe, minder swier meitelle by de regels foar dong.
In soad boeren fan wa't it bedriuw blokkearre waard, ûntkenne dat se mei opsetsin flaters makke.