Finzenisstraffen foar Drachtsters om grutskalige himptylt

08 mrt 2018 - 16:17

In man út Drachten hat trije-en-in-healjier sel krigen omdat er belutsen west hat by grutskalige himptylt. Hy hie ek ferbeane wapens. De man hat neffens de rjochtbank in liedende rol hân by plantaazjes op De Gordyk, yn Drachten, Drachtsterkompenije, Ljouwert en Veelerveen.

De plysje rolle de saak oardel jier lyn op. Doe waarden ek oare minsken oppakt. Twa oare fertochten, út Assen en Drachten, krigen respektyflik trije-en-inheal en oardel jier sel. De soan fan de haadfertochte waard frijsprutsen omdat der te min bewiis wie foar syn belutsenheid.

(advertinsje)