Omrop TIP: OMF konsertkonkoers live

10 mrt 2018 - 06:01

Sneon 10 maart is it konsertkonkoers fan de OMF (Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân) live te folgjen by Omrop Fryslân. Yn De Lawei yn Drachten stride 15 orkesten yn ferskate difyzjes om de punten. It konkoers is fan 9.30 oere ôf te sjen op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Mei kommentaar en ynterviews fan Andries de Haan en Sijtze van der Hoek.

Koperkanaal
By it konkoers wurde ek opnamen makke foar it fideokanaal en de audiostream 'Koperkanaal' fan Omrop Fryslân. Koperkanaal is der spesjaal foar leafhawwers fan de muzyk fan harmony, fanfare en brassband. Koperkanaal bestiet út livestreams fan HaFaBra eveneminten lykas it OMF konsertkonkoers, it fideokanaal op Youtube.com/user/OmropFryslan/channels, de audiostream Omropfryslan.nl/koperkanaal en it radioprogramma Koperkanaal FM (alle sneinen tusken 6.00 en 8.00 oere op 'e radio).

Koperkanaal livestream mei it OMF konsertkonkoers: sneon 10 maart fan 9.30 oere ôf op Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)