FNV-leden net akkoart mei cao-einbod Arriva

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Leden fan it fakbûn FNV hawwe it cao-einbod fan ferfiersbedriuw Arriva unanym ôfwiisd. Der is no in ultimatum steld. Komt Arriva foar 16 maart net mei in better foarstel, dan folgje stakings en oare aksjes yn it bus- en treinferfier.
Arriva biedt oer dit jier in leansferheging fan ien persint. De fakbûnen wolle dêr trije-en-in-heal persint by.
Neffens de fakbûnen wolle de wurkjouwers ek gjin goede ôfspraken meitsje oer wurkdruk. It FNV wiist der ek noch op dat sjauffeurs en masinisten by Arriva tsien persint minder fertsjinje as by de NS. It fakbûn wol dat dit ferskil binnen fiif jier fuortwurke is.