Q&A: Hoe is it no echt om te wurkjen yn de soarch?

09 mrt 2018 - 07:30

Takom wike is it de wike fan Soarch en Wolwêzen yn Nederlân. Hûnderten soarch- en wolwêzensorganisaasjes iepenje yn dizze wike harren doarren om oan gewoane minsken sjen te litten hoe't it deroan ta giet op de wurkflier. Minsken kinne bygelyks by in ferpleechhûs binnensjen, of in operaasjeseal ûntdekke.

Omrop Fryslân pakt dizze wike oan om op radio, telefyzje en ynternet op ferskate wizen omtinken te jaan oan de soarch. Sa hat ferslachjouwer Miranda Werkman by ferskate soarchynstellings del west, om te sjen hoe't dêr krekt wurke wurdt. De online redaksje fan Omrop Fryslân wie nijsgjirrich nei har ûnderfinings, en lei har yn in Q&A in tal fragen foar om in byld te krijen. 

- Miranda, do hast op besite west by in grut ferskaat oan soarchynstellings, wiene der grutte ferskillen?

"Jaseker! Wurkje yn in sikehûs of strjitte op mei it nije ACT-team (gearwurking tusken Zienn, VNN en GGZ) is echt hiel wat oars. Yn it sikehûs hast mear akute soarch, fisyk. De strjitte op om dakleazen te finen dy't help nedich hawwe is benammen in kwestje fan goed minsken lêze kinne en hoe moatte dy dan benadere wurde? Ik haw by in petear filme dat ik tocht; wow, dit is heftich!

De thússoarch, ja, dan stapst letterlik de sliepkeamer fan ien yn. En mei de hendikepten bist ek op de sliepkeamer om se wekker te meitsjen en de dei op te starten. De âldereinsoarch hat fan beide wat. Mar wat oeral gelyk is; minsken helpe. Minsken dy't yn in kwetsbere sitewaasje sitte."

- Gewoanwei is der yn de soarch in soad te dwaan om privacy, hoe dreech wie it om tagong te krijen ta de ynstellings? Hoefolle beheiningen hiesto yn dyn wurk?

"We hawwe dit dien yn gearwurking mei Zorgplein Noord (it grutste wurkjouwersferbân foar soarch en wolwêzen hjir yn it Noarden). Mei har binne wy de petearen oangien mei de ynstellings. Hjiryn hawwe we dúdlik makke wat ús bedoeling wie; in realistysk byld delsette fan wurkje yn de soarch. En wat har belang is; soargje dat minsken yn dit wurk stappe wolle. We hawwe dúdlike ôfspraken makke. Want je sitte fansels altyd mei privacy.

Wat ôfgryslik holpen hat is dat ik allinne wie en mei myn mobile tillefoan filme. Ik wie dêrtroch hiel ûnopfallend oanwêzich. Guon tochten dat ik ek suster wie (yn Nij Smellinghe moast ik ek in susterpak oan) en ien frou frege oft ik har kofje ynskinke woe doe't it by it ferpleechhûs Neibertilla filme dat se oan tafel giene. Haha! Dat haw ik fansels dien."

- Hat dizze reportaazjereeks dyn byld fan de soarch feroare?

"Mmm. Myn suske wurket mei minsken dy't ûnder begelieding wenje en ik haw skjinmakke yn de PZ (psychiatrysk sikehûs yn Frjentsjer) dus it stie net hiel fier fan my ôf. Hoewol't ik yn it ferpleechhûs wol echt rekke waard troch de kwetsberens fan minsken. Je komme op 'e wrâld en binne kwetsber en ôfhinklik fan je heit en mem en sa is it lêste stik ek; kwetsber en ôfhinklik fan oaren."

- Hiest ek foaroardielen oer de soarch, en binne dy ek feroare?

"Ja, je hawwe dochs in byld fan wurkjen yn de soarch. En dat byld is net hiel posityf as je in soad nijs sjogge. Ik wie posityf ferrast dat der dus best wol tiid is. Ik haw dat wol trije kear neifrege. Mar by Zuidoostzorg mei it team sels mei foarstellen komme as se net genôch tiid hawwe. Ek by thússoarch het Friese Land sei de ferpleechkundige dat se dan bellet mei planning en dat der dan mear tiid frijmakke wurdt. Of dat in oare kollega in kliïnt út har rûte oernimt. Of dat der struktureel mear tiid ynpland wurdt.

Wat ik hiel moai fûn wie har fyzje op stress; 'wat is stress? Het is maar net hoe druk je jezelf maakt, je moet rustig en kalm bllijven'. De lol dy't de fersoarger hie mei de bewenners op Maaykehiem fûn ik prachtich om te sjen. Hy kaam út de ekonomyske sektor en krekt dat omgean mei sifers dy't je helje moatte soarge by him foar stress. It is dus mar wat je wend binne. Of de ferpleechkundige yn it sikehûs dy't seit dat it de iene kear drok is en der suver gjin tiid is foar kofje wylst oare dagen wer rêstiger binne. Dat is yn ús wurk ek sa fansels."

- Wat sil dy it measte bybliuwe?

"De befalling! By myn earste opnamedei! Yn Nij Smellinghe. Fuort moarns betiid. Ik mocht gewoan filmje fan de oansteande heit en mem. (Ik ha wol goeie ôfspraken makke hoe't dat yn byld brocht wurde moast hear). Ik sil earlik sizze; ik gie hast ûnderút. Want ik kin al net iens sjen nei sokke programma's. Lit stean sels filmje. Mar 'myn' ferpleechkundige Anouk hie dat fuort yn de gaten en soarge goed foar my. Haha! Doe gie it wer en tocht ik; wow, wat in kâns. Ik krige triennen yn de eagen doe't it famke by mem op 'e búk lein waard. Wat bysûnder om mei te meitsjen sis! Wylst it foar al dy froulju dêr gewoan har wurk is. Mar ik wie efkes hielendal fan 'e kaart. Sa'n moai en yntym momint. Wauw."

- Wat is it boadskip datst oerbringe wolst mei dizze searje?

"Ik soe graach wolle dat minsken in goed byld krije fan wurkjen yn de soarch. Fansels is it keihurd wurkjen en is der ek heus wol stress, mar it is prachtich as je sa fan betsjutting wêze kinne foar oaren. Dat is fansels in klisjee. Mar it moaie fan klisjees is dat se wier binne. Ik haw minsken folge dy't sels der it bêste fan meitsje. Mei har hâlding en ynstelling. Mei har leafde en passy. Se komme tefreden thús omdat har wurk in ferskil makke hat.

Of sa't Anouk fan Nij Smellinghe sa moai seit;" Ik kin yn dit wurk myn leafde foar minsken kwyt." Prachtich toch? Ik tink dat der hieltyd mear minsken op syk binne nei wurk mei betsjutting, der ta dwaan. Ast tinkst; 'soe dit wat foar my wêze?' dan soe ik sizze; rin ris in dei mei en sjoch foaral sels hoe't it is. Der binne safolle mooglikheden."

Sjoch foar mear reportaazjes, artikelen en ynformaasje op Omropfryslan.nl/soarch.
Mear witte oer de nasjonale Wike fan soarch en wolwêzen of oer it wurkjen yn de soarch? Sjoch dan op de webside fan Zorgplein Noord: Wzwnoord.nl.

Trefwurden: 
Miranda Werkman Q&A soarch
(advertinsje)