Hotel yn Langwar sloopt, 16 lúkse apparteminten boud

08 mrt 2018 - 14:31

Yn Langwar wurdt dizze wike begûn mei de sloop fan it âlde hotel de Wielen. Op dizze lokaasje oan de haven wurde sechstjin lúkse apparteminten boud. Dêrûnder komt in grand café. De sloop fan it hotel duorret in wike as trije. Dêrnei begjint de bou. De apparteminten krije allegear ien of twa balkonnen of in dakterras. Foar de bewenners is der ek in lisplak beskikber yn de haven.

Trefwurden: 
Langwar hotel De Wielen
(advertinsje)